Noch gjin dúdlikheid oer takomst taksybedriuw Klomp

19 jun 2015 - 14:19

Der is noch gjin dúdlikheid oer de takomst fan taksybedriuw Klomp. Dat skruiwt fakbûn FNV-taxi oan de sjauffeurs fan Klomp Groepsvervoer. It bedriuw út Ede sit yn finansjeel swier waar. It gefolch dêrfan is dat de 800 meiwurkers, wêrfan 100 út Fryslân, allinnich fakânsjejild krigen ha en dat it gewoane lean pas ein july útbetelle wurdt.

Ek guon ûnderoannimmers wachtsje noch op jild fan Klomp. Tiisdei hat it fakbûn om tafel sitten mei de direkteur fan Klomp.

De direksje hat de fakbûnen wite litten dat der noch gjin oerienkomst is mei de jildeaskers en in nije ynvestearder.

Trefwurden: 
klomp taksybedriuw
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)