Frou út Frjentsjer wint rjochtsaak oer útbeteljen PGB

19 jun 2015 - 13:43

De frou út Frjentsjer dy't har PGB-jild net krige, hat de rjochtsaak dy't se hjiroer oanspande tsjin de Sociale Verzekerings Bank wûn. De rjochter is fan betinken dat der yn dit gefal deselde regels jilde as wannear't wurknimmers te let betelle krije. Dan moat de wurkjouwer in wetlike ferheging fan it salaris betelje. Dêrtroch krijt de frou no in foarskot fan 1100 euro.

De frou soarget foar in dôve frou, en wurdt dêrfoar betelle fanút har Persoons Gebonden Budget. De SVB is dêr ferantwurdlik foar, mar betelle net.

Dêrtroch kaam de Frjentsjerter frou yn de problemen. Neidat se bekend makke dat se in koart pleit oanspanne soe tsjin de SVB, krige se dochs har jild. By it útbeteljen makke de versekeringsbank opnij in flater: It jild waard dûbel útbetelle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)