Snitser oppakt foar oerfal op wenskip

19 jun 2015 - 11:49

De plysje hat in 24-jierige Snitser oanhâlden. De man wurdt fertocht fan de oerfal fan 4 juny op de bewenster fan in wenskip yn Snits. De frou waard dêrby mishannele. In tsjûge joech in dúdlik sinjalemint fan de Snitser wêrtroch de plysje in oantal brûkbere tips krige oer de identiteit fan de man.

Oars as earder tocht, is no ek in twadde fertochte yn byld. Dêrfoar freget de plysje nochris de help fan it publyk. Want fan him wit de plysje noch net hoe't hy der út sjocht.

Trefwurden: 
Snits oerfal wenskip
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)