Jonge (17) mei harddrugs oanhâlden op Dance Tourevenemint

19 jun 2015 - 11:22

In ynwenner (17) fan Ljouwert is tongersdei op it Dance Tourevennemint yn Ljouwert troch de plysje oanholden, omdat de man yn besit wie fan harddrugs. De Ljouwerter hie tsien baltsjes mei kokaïne yn syn klean ferstoppe.

Tanksij de strange kontrôle bij de yngongsposten fan it festivalterrein op it Saailân, hawwe him neffens de plysje op in inkel ynsidint nei, fierders gjin ûnregelmjittichheden foardien. Mei-inoar kamen hast 5000 besikers op it Dance Tourevenemint ôf.

Trefwurden: 
harddrugs Dance Event
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)