Nije subsydzjeregeling foar Frysk yn fuortset ûnderwiis

19 jun 2015 - 11:10

It foartset en middelber beropsûnderwiis kin fan 1 july ôf in berop dwaan op in nije subsydzjeregeling foar it fak Frysk. De provinsjale regeling moa skoallen stimulearje om it Frysk ek nei it earste jier oan te bieden as karfak en eksamenfak. Der is 150.0000 euro beskikber foar it skoaljier 2015-2016.

Neffens deputearre Sietske Poepjes is der yn Fryslân ferlet fan meiwurkers dy't goed Frysk ferstean en brûke kinne. Op dit stuit slút it ûnderwiis dêr noch net goed by oan, sa fynt Poepjes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)