Auto by Hinnaard op de kop yn de sleat

19 jun 2015 - 10:07

Op de Monsemabuorren by Hinnaard is freedtemoarn betiid in auto op de kop yn de sleat bedarre. De bestjoerster (21) út Lollum, dy't troch ûnbekende oarsaak fan de smelle dyk rekke, koe sels net út de auto klimme. Goed in oere letter hat Jolanda Overwijk fan Easterlittens har út it wetter helle troch de doar fan de auto te forsearen. De frou is mei ûnderkuollingsferskynsels nei it sikehûs yn Snits brocht.

Dûkers fan de brânwacht, de brânwacht fan Mantgum en ek in traumahelikopter kamen ek op it plak fan it ûngelok, mar wiene net mear nedich.

In berger hat de auto út de sleat lutsen.

Trefwurden: 
auto te wetter Hinnaard
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)