Maratonreedriders nije seizoen ferplicht mei helm it iis op

18 jun 2015 - 22:39

It reedrydbûn KNSB hat tongersdeitejûn op de ledegearkomste besletten dat maratonreedriders takom seizoen mei in helm ride moatte. Ek it dragen fan snijfêste beskerming foar hannen, skonken, ankels en nekke wurdt ferplichte. De nije easken jilde foar nasjonale en ynternasjonale wedstriden en gean yn op 1 septimber 2015.

Der komme ek ekstra feilichheidsmaatregels foar de boarding, de fersoarging fan it iis en de medyske soarch. Oanlieding foar de strangere easken binne in tal slimme ûngelokken it ôfrûne seizoen.

Yn Thialf rekke doe Martin van de Pol swier ferwûne oan de skonk en bruts Jane Ravestein in wervel yn de rêch. Yn it shorttrack binne al pakken ferplichte dy't oer skerpe redens kinne.

Maratonriders hawwe al wol snijfêste sokken, moffen en beskermers op de skynbonke oan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)