FNP: soargen oer fuortgean ûnderwiisynspeksje út Ljouwert

18 jun 2015 - 21:16

De provinsjale fraksje fan de FNP makket him soargen oer it ferdwinen fan de ûnderwiisynspeksje út Ljouwert. Mei it sluten fan de festiging yn de Fryske haadstêd geane 20 banen ferlern. It is neffens de FNP al de safolste rykstsjinst dy't út Fryslân ferdwynt.

Boppedat is de partij benaud dat it Frysk yn it ûnderwiis hjirûnder te lijen krijt. De provinsje en de ynspeksje ûntwikkelje meiïnoar toetsen en in learlingfolchsysteem foar it fak Frysk. Hoe't it dêr mei komt, is no ûndúdlik.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)