Rykswettersteat ûndersiket op Oerol ynfloed fan wyn en sân

18 jun 2015 - 18:24

Oerol.. it festival fan keunst, muzyk en teater, mar dit jier ek fan.. ûndersyk. Rykswettersteat brûkt it festival op Skylge as dekôr foar in ûndersyk nei bebouwing op it strân. Se wolle der mei de TU Delft en Twente efter komme op wat foar wize der op it strân it bêste boud wurde kin.

Se hawwe dêrom by Midslân allegear fiktive strânhúskes delset om te sjen wat de wyn en it sân mei de bousels dogge. Ek wolle se it Oerolpublyk sjen litte wat der allegear by sa'n ûndersyk meispilet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)