Polderhoofdkanaal wurdt nije wike woansdei feestlik iepene

18 jun 2015 - 17:07

It Polderhoofdkanaal tusken Nij Beets en De Feanhoop wurdt woansdei oer in wike feestlik iepene. Yn beide doarpen wurdt der in hiel programma om hinne organisearre, ûnder oaren mei in float fan histoaryske skippen.

Fierder is der teater, muzyk en poëzij. Jûns is der in grut feest op De Feanhoop. En de deis dêrnei kinne boatsjeminsken echt gebrûk meitsje fan it Polderhoofdkanaal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)