Eaststellingwerf ynvestearret yn enerzjy út grienôffal

18 jun 2015 - 14:14

De gemeente Eaststellingwerf ynvestearret 1 miljoen euro yn biobase. Dat is in inisjatyf dat grienôffal omset yn elektrisiteit, waarmte of materiaal lykas plestik. Betingst is wol dat der in goed plan komme moat. De gemeente giet der fan út dat it de kommende tsien jier tusken de 600 en 700 direkte banen opsmyt.

Dêrneist hoecht de gemeente tenei folle minder ôffal te ferwurkjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)