Nije brêge makket Kollum better berikber foar boaten

18 jun 2015 - 08:45

Kollum krijt in nije brêge. De saneamde trijepuntsbrêge bestiet út ferskate dielen en komt tusken de Julianaskoalle en Meckema State. De brêge makket it eilân ek berikber. De nije brêge is heger as de eardere brêge. Dermei moat Kollum better berikber wurde foar boatsjes oant 2,5 meter heech.

De gemeente wol Kollum mear op de kaart sette as wettersportdoarp.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)