Rêdingsbrigade De Lemmer fiert aksje yn gemeentefiver

17 jun 2015 - 21:42

In grut oantal leden fan de Lemster rêdingsbrigade hat woansdeitejûn aksjefierd op D'e Jouwer by it gemeentehûs. Dat barde mei flaggen, spandoeken en in rêdingsboat yn de fiver.

De leden kamen net allinnich fan De Lemmer, ek guon út de Noardeastpolder setten harren yn foar de aksje om de brigade te rêden. Dat is nedich om't it eigen ûnderkommen fan de klup sloopt is en de eardere gemeente Lemsterlân mei in oplossing komme soe.

Dat is lykwols by it ûntstean fan de nije gemeente De Fryske Marren tusken wâl en skip rekke en no sit de brigade yn in romte by in swimbad dêr't sy de hier net fan betelje kinne. De gemeenteried fan De Fryske Marren is no oan set om in oplossing te finen. Woansdeitejûn kaam de polityk der noch net út. Der wurdt ynkoarten fierder oer praat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)