Oarlochstentoanstelling oer ynwenners Blauhûs

17 jun 2015 - 20:55

Trije persoanen dy't yn de Twadde Wrâldoarloch yn en om Blauhûs wennen, steane de kommende moannen sintraal yn de tentoanstelling 'It Swijen Trochbrutsen'. Yn de Gerben Rypmaseal fan kafee De Freonskip binne ferskate foto's en oar materiaal te sjen fan Gerben Rypma sels, in yn 1963 stoarne skilder en dichter út it doarp.

Ek ûnderdûkster Ruth Lavie en Broer de Witte krije in soad omtinken. De lêste waard as jonge fan 19 jier mei syn broer yn Blauhûs oppakt, om't se meidien hiene oan de molkestaking yn maaie 1943.

Broer de Witte waard troch de Dútsers fusillearre. Pas 50 jier letter waard bekend wêr't er begroeven leit. De tentoanstelling is oant ein septimber te sjen yn kafee De Freonskip yn Blauhûs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)