Lêste dei foar boekhannel Wever yn Harns

17 jun 2015 - 16:42

Boekhannel Wever yn Harns slút de doarren. Op 16 juny is it fallisemint útsprutsen, dat oanfrege wie troch it Centraal Boekhuis yn Culemborg. Op foarstellen fan de kant fan Wever foar in betellingsregeling waard net reagearre, dêrmei is it doek fallen.

Boekhannel Wever waard yn 1926 oprjochte yn Frjentsjer. Yn july 2013 gong de winkel yn Frjentsjer al ticht yn ferbân mei tsjinfallende resultaten. Allinnich de winkel yn Harns bleau noch iepen. Woansdei om 18.00 oere giet de winkel dêr ek ticht. Nei 90 jier komt in ein oan boekhannel Wever.

De eigener fan de winkel, Peter Wever, sprekt yn in parseberjocht fan 'drege omstannichheden', mar ek in weromhâldende hâlding by de bank.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)