Urker kotter oan wâl brocht yn Harns

17 jun 2015 - 15:14

De kotter, dy't sneontejûn yn Harns ramd waard troch in frachtskip, is woansdei op 'e wâl set. De Urker kotter is by skipswerf fan Van Damen it dok ynbrocht. Doe't it skip boppe wetter wie, koenen de fiskers de skea mei eigen eagen sjen. It skip leit de kommende sân wiken op it droege foar reparaasjes. De fiskers steane dus foarearst oan wâl.

De skea wurdt rûsd op in heal miljoen euro. It is in kombinaasje fan de skea oan it skip en de skea trochdat dat wikenlang net fiske wurde kin. Dy kosten binne nei alle gedachten foar de fersekerder.

It frachtskip rekke nei alle gedachten troch de wyn út koers en ramde de kotter.

Trefwurden: 
Harns frachtskip Urker kotter
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)