Blau-alch yn swimfiver by Slappeterp

17 jun 2015 - 14:25

De provinsje warskôget foar blau-alch yn de swimfiver De Swanneblom by Slappeterp. Dêr kin better net swommen wurde, want minsken kinne siik wurde fan blau-alch. It is net bekend hoe lang't it negative swimadvys duorje sil.

Ek by it swim- en surfsintrum oan de Sleattemer Mar yn Balk jildt in warskôging. Dêr is de wetterskwaliteit minder as dy wêze moatte soe, sa seit de provinsje.

Trefwurden: 
blau-alch Slappeterp
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)