Net folle Friezen slaan fleis by miel oer

17 jun 2015 - 14:13

Yn Fryslân is in opfallend leech oantal fegetariërs, mar 1 persint. Dat docht bliken út in ûndersyk nei de Nederlânske ytgewoantes, fan Motivaction yn opdracht fan it Voedingscentrum. Yn Noard-Hollan yt 5 persint fan de minsken gjin fleis, yn Gelderlân sels 11 persint.

It tal húshâldens dat sa no en dan it fleis oerslacht, is yn Fryslân ek wat leger as gemiddeld, 52 persint om 55 persint. Itselde ûndersyk lit sjen dat Friezen boppegemiddeld sunich binne mei har iten. 21% fan de Friezen bewarret in prakje yn de kuolkast. Lanlik is dat 14 %.

Friezen witte it bêste fan alle Nederlanners wêr't har grienten en fruit wei komme en se kieze faker foar Nederlânske en Europeeske boeren.

Trefwurden: 
fleis fegetariër
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)