Grutte ûnrêst oer plan foar heger BTW-taryf

17 jun 2015 - 12:24

It plan fan it kabinet om de BTW foar in hiel soad produkten en tsjinsten te ferheegjen fan 6 nei 21 persint soarget foar in stoarm oan reaksjes. It lege BTW-taryf jildt no fral foar itensprodukten en dat bliuwt sa. Mar ek yn de hoareka, by de kapper, skuonmakker, fytsmakker, túnker en taksy sitte no noch yn de lege kategory.

Dy sektoaren binne net bliid mei it idee fan it kabinet. It kabinet wol de belesting op wurk ferleegje, mar dêr stiet dus wol in hegere BTW tsjinoer.

Boalserter skuonmakker Hans te Wierike hat der pinebúk fan. Troch de krisis hat er al minder omset en hy tinkt dat troch in heger BTW-taryf klanten earder nije skuon keapje sille yn plak fan dat se har âlde skuon meitsje litte. It soe wolris de ein fan syn saak betsjutte.

Lambert Zwiers fan VNONCW-MKB Noard begrypt de ûnrêst goed. Neffens him sil dizze maatregel tûzenen banen kostje. Hy fynt dit plan fan it kabinet 'volstrekt onaanvaardbaar'.

Trefwurden: 
BTW ferheging skuonmakker
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)