Omrop TIP: Bynt sjocht op Oerol by strjitteater

17 jun 2015 - 11:53

Oerol is wer los en Bynt is derby op Skylge. Miranda Werkman en Albert Jensma binne op it eilân en sille oant en mei freed nei de foarstellings, se prate mei besikers en makkers en filmje de sfear dy’t it festival sa unyk makket.

Strjitteater heart by Oerol. Albert Jensma bedarre yn Cros-Sing. In fariant op strjitteater. Meirinne moat en ûnderweis wurdt hy trakteard op ûnferwachte muzikale optredens. Jûn mear yn Bynt. Sjoch foar in wiidweidich ferslach nei Bynt, fan 17:20 oere ôf op Omrop Fryslân Televyzje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)