Woudagemaal krijt stokersguod fan jierren lyn

17 jun 2015 - 10:04

Yn it Woudagemaal op De Lemmer binne bysûndere foarwerpen te finen. It giet om in masinistepet en in oanstekker fan tsientallen jierren lyn fan Geert Lammers, dy't tusken 1955 en 1973 as stoker by it Woudagemaal wurke. It guod is yn brûklien jûn oan it Woudagemaal troch de pakesizzer fan Lammers.

De pakesizzer, dy't ek Geert Lammers hyt, is sels ek stoker. Hy wurket sûnt 1988 by it Woudagemaal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)