'Gjin nij museum by Lauwerseach'

17 jun 2015 - 07:24

Der komt gjin nij museum yn Lauwerseach. Inisjatyfnimmer Thom Mercuur hat it jild foar it museum, dat de namme Eb en Vloed krije soe, net by mekoar krigen. Der wie neffens de Volkskrante 4 miljoen euro nedich.

De provinsje Grinslân hie 850.000 euro reservearre, ûnder betingst dat de finansiering op 1 april rûn wêze soe. Dat is Mercuur, bekend fan it museum Belvédère yn Oranjewâld, net slagge. Mercuur hâldt noch hoop dat in oar plak oan de kust wol belangstelling hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)