Provinsje komt mei deikaart bus/trein by Alvestêdetocht

16 jun 2015 - 17:15

As der yn de takomst wer in in kear in Alvestêdetocht riden wurde kin, dan kinne minsken mei ien spesjaal bus- en treinkaartsje yn it gebiet fan de Alvestêderûte reizgje. Dat hat de provinsje Fryslân yn oerlis mei Fryske ferfiersbedriuwen besletten. Troch de spesjale deikaart, dat 15 euro kostje moat, moat it ferfier feiliger en flotter ferrinne.

De Alvestêdetocht op redens waard foar it lêst ferriden yn 1997.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)