Ekstra treinstel Snits-Ljouwert yn de moarnsspits

16 jun 2015 - 16:52

Arriva sil nei de simmer moarns om healwei njoggenen op it trajekt fan Snits nei Ljouwert in ekstra treinstel ynsette. Ut ûndersyk docht bliken dat dy trein geregeld te fol sit. Arriva wol it ekstra treinstel fan septimber dit jier ôf ride litte.

Fierder sil Arriva ûndersykje oft op itselde trajekt op oare mominten op de dei wer minder treinstellen ynset wurde kinne, omdat dy middeis foar de spits net fol sitte.

Trefwurden: 
Snits Arriva trein treinstel
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)