Omrop TIP: Bynt is op Oerol by de foarstelling 'Lutine'

16 jun 2015 - 14:16

Oerol is wer los en Bynt is derby op Skylge. Miranda Werkman en Albert Jensma binne op it eilân en sille oant en mei freed nei de foarstellings, se prate mei besikers en makkers en filmje de sfear dy’t it festival sa unyk makket.

Orkater spilet 'Lutine' op it strân by peal 8. It plak dêr't yn 1799 it skip mei goud fergie. In soad ha socht, mar is it somtiden net better om te sjen nei wat je al hawwe yn plak fan fierder te sykjen? Sjoch foar in wiidweidich ferslach nei Bynt, fan 17:20 oere ôf op Omrop Fryslân Televyzje.

Trefwurden: 
Oerol Bynt Omrop Tip
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)