Húsdokters drok mei pasjinten mei psychyske problemen

16 jun 2015 - 13:35

Fryske húsdokters krije it hieltiten drokker mei pasjinten mei slimme psychyske problemen. It slagget faak net om se troch te ferwizen, omdat der lange wachtlisten binne. Dy wachtlisten binne ûntstien trochdat der besunige wurde moast op de spesjalistyske soarch foar minsken mei psychyske problemen.

De hûsdokters kinne dat lang net allegearre opheine, seit Bart Maats fan de ôfdieling Fryslân fan de lanlike húsartseferiening. It kostet har in soad tiid om goeie soarch foar de pasjinten te regeljen.

Der is wol oerlis oer mooglike oplossingen, mar struktureel regele is it noch net.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)