Frou út Garyp ferwûne by ûngelok yn Burgum

16 jun 2015 - 11:20

In frou fan 37 jier út Garyp is moandeitejûn ferwûne rekke by in ûngelok yn Burgum. De fytster krige op de krusing fan de Mr. W.M. Oppedyk mei de Feanwei gjin foarrang fan in 50-jierrige automobilist út Mûnein.

Se foel en rekke dêrby ferwûne. In húsdokter hat har behannele.

Trefwurden: 
ûngelok plysje Burgum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)