Man rydt sûnder rydbewiis en ûnder ynfloed fan GHB

16 jun 2015 - 11:03

In 27-jierrige man út Espel is moandeitenacht op De Lemmer oanhâlden foar it riden ûnder ynfloed fan GHB. De man waard op de Slúswei oan de kant set. Hy joech earst in falske namme troch. It die bliken dat de man gjin rydbewiis hie.

De fertochte is meinaam nei it plysjeburo. De man wegere mei te wurkjen oan in bloedproef. Der is proses-ferbaal tsjin him opmakke.

Trefwurden: 
De Lemmer rydbewiis GHB
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)