Wurdboekmakker Anne Dykstra nimt ôfskied fan Fryske Akademy

16 jun 2015 - 09:48

Wurdboekmakker Anne Dykstra nimt tiisdei ôfskied fan de Fryske Akademy. Om dêr by stil te stean, hâldt de Akademy tiisdeitemiddei it sympoasium 'Wurdboek en Maatskippij'. De earste sprekker is ferneamd taalkundige Nicolien van der Seijs, fan it Meertens Instituut. Se jout in lêzing oer har elektroanyske wurdbank foar Nederlânske dialekten.

Oare sprekkers binne taalûndersiker Anne Popkema, staveringssaakkundige Rik Schutz, Harmen Akerboom fan de Provinsje Fryslân, en Anne Dykstra sels.

Dykstra komt sels op de tekst oer de ynfloed fan wurdboekmakkers op taal en maatskippij. Dykstra wie mear as 30 jier ferbûn oan de Fryske Akademy.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)