Manlju mei mooglik fjoerwapen op 'e flecht yn Ljouwert

16 jun 2015 - 07:28

Twa mannen dy't mooglik fjoerwapengefaarlik binne, binne moandeitejûn op de flecht slein nei't se op de Westersingel yn Ljouwert mei harren auto út de bocht fleagen. Der waard in burgernetaksje op tou setten. Dêryn waard it publyk frege om nei de twa út te sjen. Der is wol warskôge om sels gjin aksje te ûndernimmen.

Op de Westersingel binne dúdlike remspoaren te sjen. Fuortdalik nei it ûngefal binne de mannen útnaaid. Se hiene in langwerpich pakketsje yn de hannen dat yn brún papier siet.

Plysjes ha noch socht yn de omjouwing, mar koe de mannen net mear fine. Der is wol in fermoeden wa't de mannen binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)