Ljouwerter bern dogge mei oan Wijk & Water Battle

15 jun 2015 - 21:24

Learlingen fan groep 7 en 8 fan de Willem-Alexander skoalle en de Dr. Algraskoalle yn Ljouwert dogge de kommende trije moannen mei oan de Wijk & Water Battle. Dit is in spultsje dat bern leart bewuster mei wetter om te gean. Alle dagen dogge de learlingen dit spultsje 10 minuten.

Doel fan it spultsje is om saneamde wetterwezens te rêden. Harren húskes oerstreame hieltiten troch it wettergebrûk fan bewenners út Ljouwert. De bern moatte dit foarkomme troch ûnder oaren stellingen te beantwurdzjen oer wetter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)