"Wurk meitsje fan ferwurkjen gersresten ta oare produkten"

15 jun 2015 - 16:32

Der lizze yn Fryslân goeie kânsen om gers en oare planteresten te ferwurkjen ta bygelyks krêftfoer foar fee of ta karton. De provinsje soe dêr mear wurk fan meitsjen moatte. Dat fynt it CDA yn provinsjale steaten.

Ut ûndersyk docht bliken dat Fryslân en Noard-Nederlân in grutte spiler op de merk fan gersraffinaazje wurde kinne, fanwege de unike lizzing. Sa binne der seehavens, gemy- en keunststoffabriken, lânbou-ynstituten en in soad ikkerbou en feehâlderij yn dizze regio.

Dat is allegear goed te brûken foar de ferwurking fan gers- en planteresten ta oare produkten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)