Brûns foar turnsters op Europeeske Spelen yn Azerbeidzjan

15 jun 2015 - 16:24

Turnsters Celine van Gerner, Lisa Top en Lieke Wevers fan Sportstêd Hearrenfean hawwe moandei brûns helle by de lannewedstryd fan de Europeeske Spelen yn Azerbeidzjan. Bûnscoach Gerben Wiersma fan Grou is tige grutsk. De froulju sieten lang yn spanning, want doe't sy klear wiene, moast in tal oare lannen noch in pear tastellen dwaan.

De Europeeske Spelen wurde foar it earst hâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)