Noch twa wiken tiid om trekkersertifikaat te heljen

15 jun 2015 - 15:57

Der is in run op it heljen fan in trekkersertifikaat. Op 1 july feroarje de regels foar trekkerriden yngripend. Wa't noch gjin 18 jier is of gjin autorydbewiis hat en mei in trekker de dyk op wol, moat dan in trekkerrydbewiis hawwe. Dat is folle djoerder dan it sertifikaat dat no noch foldocht.

In lytse groep rydynstrukteurs hat de kommende twa jier frijstelling om les te jaan en folget yntusken in spesjale oplieding foar trekkerrydbewiisynstrukteur.

Ynstrukteur wurde foar it nije rydbewiis is in gok. De kosten binne heech: in trekker mei dûbele betsjinning kostet gau mear as in ton. En dan is it noch mar de fraach hoefolle learlingen der op ôf komme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)