Fryske plaknammen op 'e lange baan nei gemeentlike fúzje

15 jun 2015 - 15:02

De Jongfryske Mienskip stapt nei de boargerrjochter om dúdlikens te krijen oer de Fryske plaknammen yn de eardere gemeente Wymbritseradiel. Dy hie it beslút naam om Fryske plaknammen yn te fieren, mar fusearre koart dernei mei oare gemeenten ta de gemeente Súdwest-Fryslân. Dêrnei is de ynfiering fan Fryske plaknammen op de lange baan skood.

Earder besocht de Jongfryske Mienskip dúdlikens te krijen fia de gemeentlike beswierkommisje en de bestjoersrjochter, mar dat is net slagge. Dêrom folget no de stap nei de boargerrjochter.

Om dizze gong betelje te kinnen, freget de mienskip minsken om in finansjele bydrage.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)