Reade Krús wol minsken op kursus reanimaasje hawwe

15 jun 2015 - 12:58

It Reade Krús fiert dizze wike aksje om mear minsken te krijen dy't reanimearje kinne. Trijekwart fan de Nederlanners wit net wat der gebeure moat as der immen der by del falt, en dat wylst de earste minuten fan libbensbelang binne.

Neffens Willem Brink fan it distrikt Fryslân fan it Reade Krús binne der mar in bytsje minsken dy't reanimearje kinne om't in kursus dêrfoar net ferplichte is. Yn de lannen om ús hinne is it oars regele. Sa moatte je yn Dútslân earst in EHBO-kursus dwaan foar't je rydeksamen dwaan meie.

En yn guon lannen is in ferplicht fak op skoalle.

Trefwurden: 
reanimaasje Reade Krús
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)