Frou besiket drugs de finzenis yn te smokkeljen

15 jun 2015 - 12:28

In 26-jierrige frou út Grins is sneintemiddei yn finzenis De Marwei yn Ljouwert oanhâlden, doe't se drugs nei binnen smokkelje woe. De frou kaam op besite, doe't in speurhûn oanjoech dat se drugs by har hie. De frou hie twa brokken hasj fan 32 gram yn har ûnderbroek.

De drugs binne yn beslach naam. De frou is heard en dernei wer frijlitten. Se mei trije moanne net op besite komme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)