Opjeftes foar simmerkampen foar bern bliuwe kommen

15 jun 2015 - 11:08

De ferskate simmerkampen yn Fryslân hawwe it op it stuit drok mei de boekingen dy't binnenkomme. Bern wurde oanmelden foar syl- of survivalkampen, mar ek foar game- en ponykampen. De kosten foar in wike simmerkamp fariearje fan in 150 euro oant hast 600 euro.

Benammen foar wurkjende âlden binne de simmerkampen in útkomst. Guon kampen sitte hast fol, oaren hawwe noch aardich wat romte. De sylkampen bliuwe populêr.

Trefwurden: 
simmerkamp
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)