Harkemase Boys wint Midsimmercup

14 jun 2015 - 17:05

Harkemase Boys hat sneon foar de tredde kear de Midsimmercup wûn. Yn de heale finale wienen de Harkiten te sterk foar Drachtster Boys. De tsjinstanner yn de finale wie Leekster Eagles. Ek dy wedstriid wie in proai foar Harkemase Boys mei 6-3. Mei elkoar skoarden de Harkiten 37 kear en krige de ploech 12 doelpunten tsjin.

De Harkiten wûnen de cup earder yn 2009 en 2014.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)