Hurdfytster Anouska Koster wint yn Switserlân

14 jun 2015 - 16:01

Hurdfytster Anouska Koster fan De Westereen hat snein de UCI yn Gippingen yn Switserlân wûn. De 21-jierrige fytster fan Rabo Liv sloech op de flecht mei de 48-jierrige Edwige Pitel út Frankryk. Se wie nei 110 kilometer de rapste oan de finish. It is har earste oerwinning.

Ploechgenoate Thalita de Jong kaam as tredde oer de streek.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)