Urker kotter hat skea fan heal miljoen euro

14 jun 2015 - 14:49

De mei-eigener fan de Urker kotter, dy't sneontejûn yn Harns ramd is troch in frachtskip, rûst de skea op sa'n heal miljoen euro. Op it plak dêr't gewoanwei de fisk opslein leit, is in gat fan twa by twa meter slein troch de oanfarring. It skip wurdt moandei yn in dok fearn en sil 6 oant 8 wiken út de feart wêze.

Hy is bliid dat net ien ferwûne rekke is by de klap en dat de motor net stikken is. Dat er wiken net útfarre kin, komt lykwols min út om't de fertsjinsten op it stuit frij goed binne.

Trefwurden: 
Harns fiskkotter frachtskip
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)