De Harmonie moat yn 2018 enerzjyneutraal wêze

14 jun 2015 - 14:17

De Ljouwerter skouboarch De Harmonie moat yn 2018 enerzjyneutraal wêze. De plannen om dit ambisjeuze doel te heljen, moatte yn oktober klear wêze. Yn it gebou wurdt in soad gas, wetter en enerzjy brûkt. Dat komt ûnderoare troch al it glês oan de bûtenkant en de toanielferljochting.

Mei in ynvestearring fan tusken de 1 en 2 miljoen euro moat hjir wat oan dien wurde. De plannen wurde ûntwikkele mei de gemeente Ljouwert dy't it gebou ferhiert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)