Aldere fytser op Skylge ferwûne nei botsing

14 jun 2015 - 12:34

Op Skylge is in 72-jierrige fytser út West sneontejûn ferwûne rekke nei't er op de Hoofdweg frontaal op in oare fytser botste. It slachtoffer fytste op it fytspaad nei West. Fan de oare kant kaam in groepke fytsers. Ien fan har, in 34-jierrige Grinzer woe in oare fytser ynhelje, mar botste doe op de âldere man. Dy rekke ferwûne oan holle en skonk. De man is mei de rêdingsboat nei Harns brocht en doe mei de ambulânse nei it sikehûs.

Trefwurden: 
Skylge plysje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)