Grouster mishannele yn Goutum nei ôfrin fan doarpsfeest

14 jun 2015 - 12:06

By it doarpsfeest yn Goutum is sneontenacht in 18-jierrige Grouster mishannele. De plysje hat dêr in 17-jierrige ynwenner út Menameradiel en in 26-jierrige Goutumer foar oanhâlden. De fertochten en it slachtoffer krigen nei ôfrin fan it doarpsfeest spul. De Grouster waard skopt en slein. Wat de oanlieding wie, is noch net dúdlik. De fertochten binne meinaam foar ûndersyk.

Trefwurden: 
plysje mishanneling Goutum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)