Foar earste kear tapir berne yn Aqua Zoo yn Ljouwert

14 jun 2015 - 10:49

Yn Aqua Zoo yn Ljouwert is foar de allerearste kear in tapir berne. Tapirs binne bisten mei in koarte slurf, dy't foarkomme yn Azië en yn Súd-Amearika.

Bistepark Aqua Zoo hat in pearke tapirs sûnt novimber 2013. De bisten, Epke en Doutzen, binne oankocht yn it ramt fan in Europeesk fokprogramma. It jonge mantsje is sneontemiddei berne en kin oer fjirtjin dagen oan it publyk toand wurde. Aqua Zoo siket noch in Fryske namme foar de tapir. As it bist grutter is, sil it ek ynset wurde foar it fokprogramma.

De tapir is yn in soad lannen in beskerme soart. Fanwege de jacht wurdt it bist mei útstjerren bedrige.

Trefwurden: 
Ljouwert Aqua Zoo tapir
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)