Frachtskip ramt fiskersskip yn haven fan Harns

13 jun 2015 - 22:11

In fiskersskip út Urk is sneontejûn yn de haven fan Harns ramd troch de Abis Esbjerg, in frachtskip fan 112 meter lang. Net ien rekke ferwûne. Troch it ûngelok is der in gat yn de romp fan de kotter slein.

Trije sleepboaten en in boat fan rêdingmaatskippij KNRM slaggen der yn de rin fan de jûn mei harren pompen yn om it skip te stabilisearjen. Neffens in wurdfierder fan de KNRM lei de kotter, de FD-283, oan de wâl en wie net ien oan board.

De Abis Esbjerg ramde it skip by it oanlizzen om likernôch healwei achten yn de fiskerijhaven. Hoe't it ûngelok krekt barre koe is net bekend. De wurdfierder slút net út dat de wyn in rol spile hat.

As alles goed ferrint, wurdt it skip sneintemoarn yn in dok brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)