Iepen dagen azc's Drachten en Burgum goed besocht

13 jun 2015 - 17:36

De iepen dagen fan de AZC's binne yn Fryslân goed besocht, seit wurdfierder Jan-Willem Anholts fan it sintraal orgaan opfang asylsikers COA. Yn Fryslân wiene de asylsikerssintra fan Drachten en Burgum sneon iepen foar publyk. Der wie in trochrinnend programma mei rûnliedings, muzyk, lêzings en films. Lanlik hawwe der sa'n 15.000 minsken west.

Neffens Anholts is it sa goed as wis dat der takom jier wer in iepen dei yn de AZC's komt. Op dit stuit is soks fan ekstra belang omdat it COA, ek yn Fryslân, dwaande is om mear azc's te iepenjen.

Op in iepen dei kinne je minsken goed ynformearje en misferstannen weinimme, sa is de ûnderfining fan COA. It tal asylsikers yn Nederlân nimt de lêste tiid bot ta.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)