Mitchell Huenders wint Ronde fan de Kerspelen

13 jun 2015 - 16:59

Hurdfytser Mitchell Huenders is sneon winner wurden fan de 22e edysje fan de Ronde fan de Kerspelen mei start en finish yn Droegeham. De rider foar Noard-Hollân wûn mei oermacht de sprint fan Jelmer Asjes, dy't twadde waard. It tredde plak wie foar Gijs Verdick. Dizze trije man sieten lang yn in kopgroep fan alve man. Yn de finale naaiden fjouwer fan harren út. Kevin Snijder wie op it njoggende plak de bêste Fries, Sven Kramer waard alfde.

De 22e edysje giet de boeken yn as in swiere tocht, troch de hurde wyn en de rein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)