WTC toaniel fan ynternasjonale Tattoo Convention

13 jun 2015 - 14:52

Yn it Ljouwerter WTC wurdt dit wykein in grutte tattoomanifestaasje hâlden. It giet om de earste International Tattoo Convention mei tatoeaazje-artysten út de hiele wrâld. It publyk komt ek út hiel Europa, seit organisator Danny Lübeck fan Hoogeveen.

Je kinne op de manifestaasje sjen hoe't de minsken in tatoeaazje nimme. Snein wurdt de drokste dei, sa ferwachtet de organisaasje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)