Trije ferwûnen by busûngelok op A7 by Fryske Peallen

13 jun 2015 - 14:31

By in busûngelok op de A7 by Fryske Peallen binne sneontemiddei ferskate minsken ferwûne rekke. Neffens de plysje giet it om lichte ferwûnings, dy't foar it grutste part op it plak sels behannele wurde kinne. Trije buspassazjiers binne nei it sikehûs brocht.

Neffens de plysje is de Q-liner tsjin in ferkearsboerd riden. Dêrtroch sprong in tal ruten. Yn de bus fan Grins nei Drachten sieten tolve passazjiers. Dy binne allegearre neisjoen troch de helptsjinsten. Wêrom't de bussjauffeur (62) tsjin it ferkearsboerd ried, is noch net dúdlik.

De passazjiers binne ophelle en fierder brocht troch in ferfangende bus, sa meldt de plysje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)